Behanneling saak nije gaswinplannen yn gemeente Smellingerlân yn Ried fan Steat

De gemeente Smellingerlân makket in bestimmingsplan foar nije gaswinning ûnmooglik, dat fynt minister Wiebes fan Ekonomyske Saken. De saak wurdt tongersdei behannele yn de Ried fan Steat.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Krekt as in protte oare Fryske gemeenten is Smellingerlân tsjin nije gaswinning. De gemeente hat dit ferline jier fêstlein yn it bestimmingsplan. Dêryn stiet dat der gjin gaswinning mear tastien is yn it bûtengebiet.
De minister koe hjir beswier tsjin meitsje, mar hat dat net dien. Juridysk sjoen kin der dan gjin beswier mear makke wurde by de Ried fan Steat, mar de minister fynt dat de gemeente Smellingerlân it ministearje ynformearre moatten hie.
Oebele Feenstra fan doarpsbelang De Wilgen/Smelle Ie tinkt dat it in juridysk stekspul wurde kin. "As de gemeente gelyk krijt, dan binne der wer oare stappen dy't Wiebes nimme kin."
Oebele Feenstra oer de saak
"As de gemeente gelyk krijt dan hoecht it net allinnich gefolgen te ha foar Smellingerlân", seit Feenstra. "It kin ek oare gemeenten op gedachten bringen om deselde wei te folgjen."