Drokte by krystbeamkwekerij

11 nov 2011 - 16:13

Sinteklaas moat it lân noch ynkomme, mar by de krystbeammekwekerij by Haulerwyk binne se no al oan de gong mei it útdollen fan krystbeammen.

Kweker Arjan Land is drok dwaande om de beammen út de grûn te heljen. De winkels en túnsintra wolle de beammen foar 5 desimber hawwe. Der is dit jier in tekoart oan krystbeammen, om't der seis jier ferlyn in soad kwekers mei ophâlden binne. In krystbeam hat fiif jier nedich om te groeien en dêrom is der no pas krapte. De prizen binne dêrom sawat 15 prosint heger as ferline jier. De krystbeammen binne ek nochris folle lytser.

Trefwurden: 
krystbeam
(advertinsje)
(advertinsje)