Betinking Gerard van het Reve: nei 14 jier noch hieltyd belangstelling

Hy is fjirtjin jier lyn stoarn, mar wurdt noch jierliks betocht. De ferneamde skriuwer Gerard van het Reve kocht hjoed presys 55 jier lyn syn hûs 'Huize 't Gras' yn Greonterp. In dei om by stil te stean, fynt Hester Witteveen fan de organisaasje.
© Omrop Fryslân
Se lizze blommen del en lêze brieven foar by de Sint-Vitustsjerke yn Blauhûs en dêrnei giet de betinking fierder nei it tsjerkhôf fan Greonterp. It doarp is útgroeid ta in beafeartsoard foar Revianen. Dy treffe inoar hjoed foar de jierlikse betinking fan it libben en in wurk fan Van het Reve.
"De belangstelling is prima", seit Witteveen. "Wy ferwachtsje in goeie hûndert minsken." Sels hie se net toch dat de belangstelling no noch sa grut wêze soe. "De minsken komme net allinnich út Fryslân, se komme oeral wei. Mar it binne wol allegearre generaasjegenoaten. It wurdt noch hieltyd droegen."
Hester Witteveen oer de betinking
Gerard Kornelis van het Reve is in Nederlânske skriuwer en dichter. Syn bekendste wurken binne De Avonden, Werther Nieland, Op weg naar het einde en Nader tot U. Tegearre mei Harry Mulisch en Willem Frederik Hermans wurdt hy ta De Grutte Trije fan de neioarlogse Nederlânske skriuwers rekkene.
Yn 1964 ferhuze hy nei it Fryske Greonterp wêr't hy wenne mei syn libbenspartner Willem Bruna van Albada en letter ek Henk van Manen, dy't letter mei inoar troud binne. Hy neamt syn hûs yn Greonterp 'Huize Het Gras'