Elias van der Sloot (75) hat aanst gjin rydbewiis troch problemen by it CBR

15 aug 2019 - 06:52

Der binne grutte problemen by it CBR, it Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen. Troch fertragingen by de medyske keuring binne de wachttiden dêr bot oprûn.

Elias van der Sloot fan Drachten is ien fan de minsken dy't hjir mei te krijen hat. Hy wurdt 10 septimber 75 jier en dan is it rydbewiis net jildich mear. Van der Sloot is al sûnt maart dwaande om syn rydbewiis te ferlingen, mar hy hat hieltyd noch gjin dúdlikheid.

"Se ha it te drok en te min personiel", seit er. Van der Sloot hat kontakt socht mei it CBR en krige te hearren dat it yn behanneling is. Dêrnei hat hy nea wer fan it CBR in berjocht hân oer syn rydbewiis. Sa't it no liket slagget it ek net mear foar septimber.

It risiko om dochs yn de auto te stappen nimt hy ek net. "Dan moat de frou alles dwaan. Dêr ha ik gjin nocht yn. Asto in boete krijst of do wurdst fan de dyk helle, dat moast net ha."

Foto: Omrop Fryslân

Elias van der Sloot oer syn rydbewiis

It CBR erkent de problemen. Der wurde mear minsken ynset om de sûnensferklearringen te behanneljen. Mar om 't der hieltyd mear âlderen komme, bliuwt it dreech om fertraging foar te kommen.

Trefwurden: 
Drachten CBR rydbewiis
(advertinsje)