FIDEO: In rûzige IFKS-dei by Ychtenbrêge

It wie woansdei dei fiif yn de IFKS. En dat wie alwer in 'bewogen' dei. Dat begûn al yn de moarntiid, mei de brân op it skûtsje fan Harmen Brouwer. De middei einige mei in emosjonele Ulbe Zwaga, dy't wûn yn de Grutte A.
Dyselde Ulbe Zwaga docht syn ferhaal nochris, neidat er wat bekommen is. De oerwinning is foaral moai foar syn bemanningslid dat earder dizze wike ferwûne rekke, fertelt er.
Fierder in reaksje fan Jaap Hofstee fan 't Swarte Wief, dy't as twadde finishten. "We wiene derop brând om wat foaryn te bliuwen, dat hiene we even nedich."
En diskear yn skûtsjetûk: hoefolle skûtsjes dogge der yn de hiele IFKS-float mei dit jier?