Twa banen foar nij Thialf

05 jul 2012 - 12:18

Der wurdt oanstjoerd op twa reedrydbanen foar it nije Thialf. Ien foar wedstriden en de rekreaasjeriders èn in trainingsbaan dy't altyd beskikber is foar de topsporters. De provinsjale polityk is dêr woansdei oer bypraten.

De ôfrûne tiid is der hurd wurke oan it programma fan easken. Dêrby is ek oerlein mei de KNSB en oare by de topsport belutsen organisaasjes. Dêrby waard dúdlik dat der in grut ferlet is fan sa'n trainingsbaan. Oft dat út kin, is noch net besjoen. De ambysje is dat Thialf wer de toan set yn de reedrydwrâld.

Trefwurden: 
Thialf iisbaan ferbou
(advertinsje)
(advertinsje)