Ritsma racet op strân mei motor tsjin hynders op Lemster hynstefeest

14 aug 2019 - 22:11

Mear as 2000 minsken ha woansdei op Friesians@theBeach op De Lemmer in grut tal Fryske hynders harren keunsten fertoanen sjoen by keuringen, in dressuerwedstriid en races. "Dit wie in enoarm sukses. We hiene nea ferwachte dat der safolle minsken op ôf komme soene", fertelt organisator Jelle van der Kooi.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Tegearre mei Gert Jan Mondeel hat Van der Kooi it evenemint opsetten. "We woene minsken sjen litte wat in Frysk hynder allegear wol net kin. Op it stuit binne der bygelyks in soad toeristen op 'e Lemmer. Dy kinne it Fryske hynder wol fan it lân, mar net fan de aksjes dy't we no sjen litten ha."

Rintje Ritsma racet tsjin hynders

It spektakel waard iepene troch 'de bear fan 'e Lemmer', Rintje Ritsma. "It is hjir boppeyn dochs wol heech!", fertelde er wylst er op in hynder it toaniel opkaam. Ek mocht hy it ôfslute: op syn crossmotor, syn nije leafde, naam hy it op tsjin de fjouwerspan fan Anne Okkema. It koste him wat muoite, mar Ritsma wist de striid dochs te winnen.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Alles by elkoar duorre Friesians@theBeach sa'n oardel oere. Eins soe it noch even langer duorje, mar troch it waar moast de organisaasje it lêste ûnderdiel ôfsizze. "We hiene noch in defilee dêr't alle hynders en riders noch in kear werom komme soene, mar dat ha we net mear dien. It waar hat ús wat parten spile. We woene it ek net langer duorje litte as nedich", leit Van der Kooi út.

Dochs bleau in grutte groep taskôgers, nettsjinsteande de rein, stean oant de ein. Foar de organisaasje genôch reden om te besykjen dit ek kommend jier del te setten.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(advertinsje)
(advertinsje)