Keatser Dylan Drent twa wedstriden skorst: meidien oan ferkearde wedstriid

14 aug 2019 - 21:09

Keatser Dylan Drent fan Harns is troch it keatsbûn KNKB foar twa wedstriden skorst. Hy die yn july mei oan in strjitkeatswedstriid yn Ljouwert, wylst er as haadklasser neffens de KNKB-regels yn Easterein wêze moast.

Dylan Drent - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn Easterein wie in troch-elkoar-lotsjen-partij. Drent en in oantal oare keatsers wiene dêroer yn it foar mei in mailtsje warskôge. Drent keatste dochs yn Ljouwert en wûn de Horecapartij op it Aldehoustertsjerkhôf.

Omdat er meidie yn Ljouwert moat er no twa wedstriden misse. Dat binne de beide haadklassepartijen op de Van Aismadagen yn Bitgum. De keatser kin noch wol tsjin de skorsing yn berop gean.

(advertinsje)
(advertinsje)