Fries hâldt klimaatspeech op festival Sziget: "Investeren in treinnetwerk"

14 aug 2019 - 20:40

Foar 50.000 besikers fan it festival Sziget yn it Hongaarske Boedapest hat de 25-jierrige Ljouwerter Milan van der Meulen in speech holden oer it klimaat en de takomst fan de wrâld. "We willen voornamelijk iets vertellen over de oplossingen die er zijn", fertelt er.

Van der Meulen speechte tegearre mei Rosa Anders, in famke fan 15 jier. Se ha beide trainingen folge by Al Gore en binne ferbûn mei syn organisaasje. "We hebben besloten om een petitie op te starten vanuit een jongerenbeweging. We willen de nieuwe voorzitter van de Europese Commissie aansporen tot een ambitieuzer klimaatbeleid."

Er wordt veel verteld over hoe slecht het gaat, maar wij willen focussen op de oplossingen.

Milan van der Meulen

Yn de petysje steane benammen oplossingen. "Er wordt veel verteld over hoe slecht het gaat, maar wij willen focussen op de oplossingen", seit Van der Meulen. "Er zijn genoeg alternatieven beschikbaar. Zo wordt er nog veel fossiele energie gebruikt, maar er zijn al veel meer andere bronnen, zoals zon en wind. Daarop zouden we kunnen overstappen."

Oer dy oplossingen ha Van der Meulen en Rosa Anders it ek hân op Sziget. "De nieuwe energiebronnen zijn tegenwoordig vaak ook al goedkoper dan fossiele brandstoffen. Dus dan kies je voor een duurzaam alternatief én het raakt je ook niet in de portemonnee. Dan vraag ik me af: waarom doen we dat nog niet?"

Van der Meulen hie wol faker foar grutte groepen minsken in taspraak holden, mar noch net earder foar safolle. "Dat was voor mij de eerste keer. Het is best een indrukwekkende ervaring. Maar ik moet zeggen: heel veel jongeren waren heel enthousiast. Dat maakt het gemakkelijker om het verhaal te vertellen."

Milan van der Meulen set him al sûnt 2013 yn foar it klimaat. Sa besiket hy mei syn broer safolle mooglik minsken en bedriuwen oerstappe te litten op sinne-enerzjy en is hy direkt belutsen by it Climate Reality Projekt fan Al Gore yn de Benelúks. Yn 2016 stie Van der Meulen yn de top trije fan bêste jonge ûndernimmers fan Nederlân en ek stiet hy al trije jier yn de Duurzame Jonge 100. Yn oktober 2015 wie er gast by Omrop Fryslân.

It optreden op Sziget wie de ôftraap fan de petysje. Dy petysje is net allinnich fan Van der Meulen en Rosa Anders, mar it giet om de hiele jongereinbeweging. "Je ziet het ook in andere Europese landen ontstaan, met grote protestmarsen. Dat moet ook zorgen voor meer ambitie bij de nieuwe voorzitter van de Europese Commissie." Jongereinbewegingen út ûnder oare Dútslân, België en Ingelân steane ek efter de petysje.

Treinreizgje no noch djoer en ûnhandich

Sels is Van der Meulen ta syn spyt mei it fleantúch nei it festival yn Hongarije ôfreizge. "Ik wilde heel graag met de trein gaan maar dan kom je erachter hoe slecht dat geregeld is. Met de trein zou ik 16 uur onderweg zijn en had ik zes overstappen moeten maken. Dat paste niet in mijn agenda, tijdtechnisch kwam dat niet uit." It wie achternei mar goed ek dat Van der Meulen net mei de trein reizge, want dan hie er it festival net helle: "Toen ik aankwam, bleek dat er heel veel sporen waren uitgevallen."

Oplossingen foar sokke problemen steane dêrom ek yn de petysje: "Meer investeren in een Europees treinnetwerk. Dan worden juist dit soort verbindingen gemakkelijker én goedkoper dan vliegen. Een vliegticket is nu nog drie keer zo goedkoop als deze reis met de trein. Dan kun je ook niet van mensen verwachten dat ze zomaar overstappen op de trein. Daar moet hard aan gewerkt worden."

(advertinsje)