IFKS wol freed twa wedstriden dwaan yn Grutte A-klasse

14 aug 2019 - 19:52

De Grutte A-klasse fan de IFKS sil nei alle gedachten freed by De Lemmer twa wedstriden sile. Ofrûne tiisdei koe de wedstriid op de Sleattemer Mar net trochgean. De plannen binne om dy takom freed nei de reguliere wedstriid yn te heljen.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

"As it kwa waar mooglik is, wurdt der binnen tsien nei de finish oanjûn oft de ynhelwedstriid trochgiet", seit Irma Lok fan de IFKS. "Dat wurdt freedtemiddei pas besletten."

Normaal wurde de wedstriden op woansdei altyd ynhelle. Diskear waard op woansdei de wedstriid fan ôfrûne sneon ynhelle, doe't de wyn spulbrekker wie op de Iselmar.

Wedstriid waard tiisdei stillein

Tiisdei wie dus al de twadde wedstriid dy't net trochgean koe. De silers yn de Grutte A-klasse begûnen noch wol, mar de wedstriid waard healwei stillein. De baan lei der troch de wyn net mear goed yn. Letter opnij starte koe ek net, omdat de wyn net stabyl wie.

Wylde Wytse oan kop

De skûtsjes yn de Grutte A-klasse ha no dus noch mar trije folsleine wedstriden syld. De Wylde Wytse fan skipper Sikke Heerschop is yn it klassemint koprinner. Sy wûnen ien wedstriid en waarden twa kear tredde.

Woansdei by Ychtenbrêge gie de oerwinning nei Ulbe Zwaga en de Waaksdom. Yn it klassemint steane se der net goed foar, omdat se twa kear gjin útslach delsetten ha. Snein kamen se net oer de streek fanwegen in ferwûne bemanningslid. Moandei waarden se diskwalifisearre, nei in protest fan de Jonge Jasper.

Zwaga makke him woansdei nei syn oerwinning lilk oer de diskwalifikaasje fan moandei:

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS
(advertinsje)