Renovaasjebeurt foar Arrivatreinen: se wurde ljochtblau

14 aug 2019 - 19:11

De reade Arrivatreinen dy't yn Fryslân en Grinslân ride, krije in renovaasjebeurt. Sa wurde se tenei ljochtblau. It wurk oan de treinen is yntusken úteinset.

De nije treinen fan Arriva - Foto: Arriva

De treinen krije net allinnich in oare kleur, se krije ek 'batterijpakketten'. Dy soargje derfoar dat de motoaren op de einstasjons út kinne. Se bliuwe op disel riden.

It earste treinstel dat omboud wurdt, is yn maart al út de tsjinstregeling helle en nei Poalen ta brocht. Dêr wurdt in diel fan de treinen renovearre. De oaren bliuwe yn Nederlân.

Achttjin nijen

Arriva hat op it stuit 51 treinen yn it noarden, dêr komme fan ein takom jier ôf achttjin by. Dy achttjin nije treinen ride op biodisel en krije in 'pantograaf'. Dêrmei kinne se op stroom riden bliuwe, yn it gefal dat it spoarnet yn Noard-Nederlân boppeliedingen krijt.

Dizze moanne komme der noch twa treinen fan Arriva út Gelderlân yn it Fryslân riden. Dy ferfange twa tastellen dy't earder ûnbrûkber rekke binne troch ûngelokken. Dy twa 'Gelderske' treinen ha gjin wc's. Se sille ride tusken Ljouwert en Harns-Haven en tusken Ljouwert en Starum.

Trefwurden: 
Arriva treinen
(advertinsje)