Yn 1979 ferdronken rêdingshynders betocht op It Amelân

It is in nuvere dei foar in protte minsken op It Amelân. Woansdei is it eksakt fjirtich jier lyn dat by in rêdingsaksje acht hynders ferdronken. De hynders waarden yn dy tiid ynsetten om de rêdingsboat it wetter yn te slepen. Op dy dei moasten se it wetter yn foar in Dútske sylboat.
Rêdingshynders It Amelân
Op 14 augustus 1979 rekke de wein mei de acht hynders yn in mui en waard dy de djipte yn lutsen. Dat barde by it helpen fan in Dútsk jacht. De acht hynders ferdronken allegearre yn de see.
"Tijdens de lancering van de reddingsboot liep een aantal zaken samen, waardoor de wagen doorrolde", fertelt Piet IJnsen, fan it doetiidske rêdingsteam.
"Later bleek dat er een gat voor de kust was. Daardoor zijn de paarden meegezogen in de diepte. Het hele eiland was volledig in diepe rouw."

Betinking

It drama hat in grutte ynfloed hân op de minsken op it eilân. Woansdeitejûn wurde der blommen by it grêf fan de hynders lein en wurdt it drama betocht.
© Omrop Fryslân