Twa ferwûnen nei slim ûngelok by Easterbierrum

14 aug 2019 - 17:14

Twa minsken binne woansdei ferwûne rekke by in slim ûngelok op de Heardawei - de N393 - by Easterbierrum. Twa auto's kamen mei-elkoar yn oanriding. Ien fan de twa auto's fleach yn brân en de oare bedarre yn de sleat.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

Twa ambulânsen binne oanwêzich op it plak fan it ûngelok. Ien fan de twa ferwûnen is nei it sikehûs brocht. De oar koe thúsbrocht wurde.

De brânwacht fan Frjentsjer hat de brânende auto blust.

Trefwurden: 
ûngelok Easterbierrum
(advertinsje)