Fryslân Fêstlein: "As seemearmin de fakânsje trochbringe"

14 aug 2019 - 17:13

"Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân." Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear binne wy op besite by Sinne, dy't as seemearmin de fakânsje trochbringt.

De foto is nommen yn natuergebiet De Deelen, doe't Sinne oan it swimmen wie. "Ik houd enorm van zwemmen", begjint Sinne har ferhaal fol entûsjasme. "Een paar jaar geleden ben ik begonnen om me me te verkleden tot zeemeermin. We waren op een kinderfeestje en dat sprak me aan."

Ik wil professioneel zeemeermin worden.

Sinne

Sinne is dan ek grutte dingen fan doel. "Ik wil professioneel zeemeermin worden. Daarnaast wil aan de Olympische Spelen meedoen." Sinne docht no ek al oan wedstriden mei. "Je kunt dan prijzen winnen voor snelste en mooiste zeemeermin. Ik heb ze beide al een keer gewonnen", seit se grutsk.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Wy binne altyd drok dwaande yn 'e fakânsje", seit mem Janoeska. "We meitsje de sturt en de kroan fan it kostúm. Dy plakke wy fol mei diamanten. Dat is foar ús ek hartstikke leuk om te dwaan. It hâldt je fan 'e strjitte" ,seit Janoeska mei in knypeach.

Seemearmin Sinne en mem Janoeska oer de foto

'Fryslân Fêstlein'

Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl.

(advertinsje)