Fierljeppen yn nasjonale kompetysje giet woansdei net troch

14 aug 2019 - 16:33

De earste fierljepwedstriid fan de nasjonale kompetysje woansdeitejûn yn Burgum giet net troch. Reden is de minne waarfoarsizzing.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Neffens it waarstasjon fan de fleanbasis is it jûn gjin twa oeren efterinoar drûch. De wedstriid is yn earste ynstânsje ferpleatst nei tongersdeitejûn om 18.00 oere. Om 15.00 oere tongersdei falt dêroer in definityf beslút.

Yn de nasjonale kompetysje ljeppe de bêste Fryske ljeppers tsjin de bêsten út Hollân.

(advertinsje)
(advertinsje)