Skipper Ulbe Zwaga wint ynhelwedstriid IFKS by Ychtenbrêge

14 aug 2019 - 16:08

Skipper Ulbe Zwaga fan De Jouwer hat woansdeitemiddei mei syn skûtsje Waaksdom de ynhelwedstriid fan de IFKS by Ychtenbrêge wûn. Op de Tsjûkemar bleau de skipper de hiele wedstriid oan de lieding.

It is de earste oerwinning foar Zwaga yn de Grutte A-klasse fan de IFKS. Skipper Zwaga fan it skûtsje Waaksdom gie al fan it begjin fan de wedstriid ôf oan de lieding, mei Jaap Hofstee fan 't Swarte Wief yn it kylwetter.

Poadium

Hofstee einige woansdeitemiddei as twadde. Op it lêste poadiumplak einige skipper Sikke Heerschop fan de Wylde Wytse.

Skippers Ulbe Zwaga sels wie nei de finish benammen noch dwaande mei in ynsidint fan inkelde dagen earder. "It fielt noch hieltyd as ûnrjocht dy strafpunten, wat se in pear dagen lyn dien ha. No winne we de wedstriid, mar stean wy noch hieltyd ûnderoan. Ik fyn it swier ûnterjochte."

Eastermar mar achtste

It Doarp Eastermar fan skipper Geale Tadema kaam pas as achtste oer de streek. De winner fan ferline jier hat no al twa - foar syn dwaan - mindere resultaten, want moandei waard er alris sechsde. "We starten hjoed net sa goed en dan sylst sa'n wedstriid." Yn de slotfaze fan de wedstriid rûn it alwer better en wûn Eastermar noch wat plakjes.

Nei trije wedstriden stiet Tadema op 14,9 punten. Konkúzjes wol er net lûke: "Foarich jier hiene we nei trije wedstriden 16 punten. No minder. En witst noch hoe't it foarich jier einige?"

Geale Tadema

Finish Grutte A-klasse

1. Ulbe Zwaga - Waaksdom
2. Jaap Hofstee - 't Swarte Wief
3. Sikke Heerschop - Wylde Wytse
4. Walter de Vries - De Goede Verwachting
5. Froukje Osinga - Jonge Jasper
6. Jeroen de Vos - Eelkje II
7. Klaas Kuperus - De Zes Gebroeders
8. Geale Tadema - It Doarp Eastermar
9. Gerrit Huisman - Ut 'e Striid
10. Ton Brundel - Lytse Lies
11. Floriaan Zwart - Ut en Thûs
12. Wytse Heerschop - Woeste Anne
13. Merijn Olsthoorn - Emanuel
14. Arjen de Jong - Grytsje Obes
15. Ron Syperda - Ale
16. Jilles Bandstra - Lonneke

(advertinsje)