IFKS: koprinners Lytse A-, B- en C-klasse bliuwe winnen

14 aug 2019 - 15:58

Pieter-Jilles Tjoelker bliuwt hearsken yn de B-klasse fan de IFKS. Woansdei yn Ychtenbrêge wûn er mei de Sterke Jerke de fjirde fan fjouwer wedstriden. Ek yn de Lytse A- en de C-klasse is it ferskil oan de kop grut: Andries Brouwer (De Reuzen) en Henk Regts (Grutte Pier) wûnen woansdei elk harren tredde wedstriid.

De Sterke Jerke - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Yn de Lytse A lei Sander Meeter nei de earste boei op kop. Dy kopposysje koe er net fêsthâlde, want by de twadde boei wie er ynhelle troch Andries Brouwer. Yn dy folchoarder kamen se ek oer de finish. It tredde plak op it wetter by Ychtenbrêge wie foar Harm van der Weiden.

Brouwer stiet yn it klassemint ek earste, foar Henk Frankena en Martijn Kleintjens.

Utslach A-lyts Ychtenbrêge

1 Andries Brouwer De Reuzen
2 Sander Meeter Vriendschap
3 Harm van der Weiden Eemlander
4 Henk Frankena It Abbegeaster Skûtsje
5 Martijn Kleintjens Tiid sil 't leare
6 Age Bandstra Avontuur
7 Sikke Tichelaar Stad Harlingen
8 Chris van den Berg Hoop Op Zegen
9 Tsjibbe van der Veer Welvaart
10 Pieter Jansma Twa Famkes
11 Geale Postma Lytse Earnewâldster
12 Johannes de Vries Friesland
13 Herke Boskma Lytse Famke
14 Jochem van der Vaart Nooit Volmaakt
15 Hans Brakkee Doeke van Martena
16 Bernd de Cneudt Lutgerdina Smeltekop
17 Koos van Drunen Hoop Doet Leven
18 Brandt de Vries Swanneblom

Klassemint A-lyts nei Ychtenbrêge

1 Andries Brouwer 4,7
2 Henk Frankena 20,0
3 Martijn Kleintjens 20,0
4 Pieter Jansma 22,0
5 Tsjibbe van der Veer 26,0
6 Age Bandstra 27,9
7 Harm van der Weiden 30,0
8 Sikke Tichelaar 33,0
9 Sander Meeter 43,0
10 Geale Postma 48,0
11 Brandt de Vries 49,0
12 Chris van den Berg 52,0
13 Herke Boskma 57,0
14 Johannes de Vries 57,0
15 Hans Brakkee 59,0
16 Jochem van der Vaart 63,0
17 Bernd de Cneudt 71,0
18 Koos van Drunen 71,0

Fjouwer út fjouwer

It ferskil yn de B-klasse is allinnich mar grutter: de Sterke Jerke fan skipper Pieter-Jilles Tjoelker hat oant no ta alle fjouwer wedstriden wûn. Sijmen Kalsbeek fan de Raerder Roek waard woansdei by Ychtenbrêge twadde. Hy stiet tredde yn it klassemint.

Utslach B-klasse Ychtenbrêge

1 Pieter-Jilles Tjoelker Sterke Jerke
2 Sijmen Kalsbeek Raerder Roek
3 Hartman Witteveen Freonskip
4 Sietse Broersma Ora et Labora
5 Wietse Bandstra Redbad
6 Erik Jonker Jonge Rein
7 Daan van der Meer Westenwind
8 Rein Wiebe Leenstra Dageraad
9 Bas Krom Verwisseling
10 Remy de Boer De Eenvoud
11 Thomas de Boer De Drie Haringen
12 Jeroen Sijtsma De Brijbek
13 Jan Overwijk Twee Gebroeders
14 Simon van der Lingen Galamadammen
15 Koos Lamme Singelier

Klassemint B-klasse nei Ychtenbrêge

1 Pieter-Jilles Tjoelker 3,6
2 Sietse Broersma 12,0
3 Sijmen Kalsbeek 15,0
4 Hartman Witteveen 21,0
5 Wietse Bandstra 23,0
6 Daan van der Meer 25,0
7 Erik Jonker 33,0
8 Rein Wiebe Leenstra 33,0
9 Bas Krom 35,0
10 Thomas de Boer 37,0
11 Jeroen Sijtsma 40,0
12 Jan Overwijk 45,0
13 Remy de Boer 48,0
14 Simon van der Lingen 54,0
15 Koos Lamme 58,0

C-klasse

Henk Regts wûn mei de Grutte Pier al de earste twa wedstriden yn de C-klasse. Tiisdei waard er in kear twadde, mar woansdei by Ychtenbrêge kaam Regts wer as earste oer de streek. It twadde plak wie foar Harmen Brouwer mei de Drie Gebroeders, dy't yn it klassemint ek stevich twadde stiet. Hy wie de iennige dy't oant no ta in kear boppe Regts finisht is. Steven Zijsling is woansdei tredde wurden en stiet ek op dat plak yn it klassemint.

Utslach C-klasse Ychtenbrêge

1 Henk Regts Grutte Pier
2 Harmen Brouwer Drie Gebroeders
3 Steven Zijsling Striidber
4 Mark de Koe Hoop Op Zegen
5 Tim Roosgeurius Wâldwiif
6 Paul Wassink Lege Wâlden
7 Jan van der Veen Sinnekening
8 Kees van der Kooij Ebenhaëzer
9 Gerrit de Vries Gerrit de Vries
10 Bouke van der Vaart Goede Verwachting
11 Alisa Stekelenburg Gerrit Ynze
12 Cees Riezebos De Tajefte
13 Jelle Bekkema De Verandering
14 Jitske Visser Lytse Griene
15 Floris Bottema De Harmonie

Klassemint C-klasse nei Ychtenbrêge

1 Henk Regts 4,7
2 Harmen Brouwer 7,9
3 Steven Zijsling 15,0
4 Paul Wassink 18,0
5 Mark de Koe 18,0
6 Tim Roosgeurius 20,0
7 Gerrit de Vries 39,0
8 Jan van der Veen 40,0
9 Jelle Bekkema 40,0
10 Cees Riezebos 43,0
11 Kees van der Kooij 47,0
12 Alisa Stekelenburg 49,0
13 Floris Bottema 52,0
14 Bouke van der Vaart 52,0
15 Jitske Visser 55,0
(advertinsje)