Auto slacht oer de kop op de A7 by Lúkswâld, mei in flinke file as gefolch

14 aug 2019 - 15:12

Op de sneldyk A7 by Lúkswâld is woansdeitemiddei in auto oer de kop slein. Troch it ûngelok ûntstie in flinke file tusken It Hearrenfean, by de ôfslach De Tynje, en Drachten.

Foto: De Vries Media

De plysje, Rykswettersteat en twa ambulânses binne op it plak fan it ûngelok om help te ferlienen. In man en in frou soene by it ûngelok ferwûne rekke wêze. Sy binne oerbrocht nei it sikehûs.

It is net bekend hoe't it ûngelok barre koe. Tiisdei wie der op de A7 ek al in grutte file as gefolch fan in ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Lúkswâld
(advertinsje)