'Koloanjes' as wrâlderfguod

05 jul 2012 - 11:54

De Koloniën van Weldadigheid yn West-Stellingwerf moatte yn 2018 op de wrâlderfguodlist fan de Unesco komme. Dêrfoar is tongersdei in gearwurking ûndertekene mei de oare koloanjes yn Nederlân en België. Eartiids waarden earme minsken út de stêd nei de koloanjes brocht. Sy koene dan in eigen bestean opbouwe, bygelyks as boer.

In plakje op de wrâlderfguodlist soe neffens de inisjatyfnimmers in soad foardiel opleverje kinne. Dizze hjerst begjint in ynternasjonaal wittenskiplik ûndersyk nei de koloanjes.

Hjiryn wurdt sjoen nei hoe unyk de koloniën binne yn de wrâld. Pas yn 2018 wurdt dúdlik oft de koloniën yndie op de list komme.

(advertinsje)
(advertinsje)