6.700 sinnepanielen op dak Sportstad Heerenveen

By Sportstad Hearrenfean binne se dizze wike úteinset mei it pleatsen fan sinnepanielen. Yn desimber moatte der 6.700 panielen op it dak fan Sportstad Hearrenfean en op it Abe Lenstra stadion lizze. De sinnepanielen komme ûnder oare op it dak fan de noard- en súdtribune fan it fuotbalstadion.
© www.orange-pictures.nl
It bedriuw Zonel Energy fan It Hearrenfean hat de opdracht fan de sinnepanielen krigen. Dat bedriuw hat ek de sinnepanielen levere dy't op it dak fan Thialf en op de Elfstedenhal lizze.

AZ-stadion

Ofrûne sneon is it dak fan it AZ-stadion foar in part ynstoart. Yn 2015 waarden yn Alkmaar sa'n 1.700 panielen ynstallearre. Fermoedlik wie it AZ-stadion net berekkene op sinnepanielen. Sportstad Hearrenfean hat yn it foar goed ûndersocht oft it dak al de sinnepanielen hâlde kin.
It Abe Lenstra stadion hat in folslein oare konstruksje as it AZ-stadion.
Rinse Bleeker, direkteur Sportstad Heerenveen
Sportstad-direkteur Rinse Bleeker: "In sinnepaniel waacht sa'n 20 kilo. Dus wy ha fan tefoaren goed sjoen oft it kin. Boppedat moatte je net ferjitte dat it Abe Lenstra stadion in hiel oare konstruksje hat as it stadion fan AZ. By ús steane der peallen en leit it dak op de lôzjes. It is dêrtroch folle steviger."