Steuring brêge Burgum: auto's kinne net oer it Prinses Margrietkanaal

14 aug 2019 - 13:44

De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Burgum hat sûnt it begjin fan 'e middei te krijen mei in steuring. Auto's kinne dêrtroch net oer de brêge, dy't iepen stean bliuwt. Neffens Rykswettersteat binne der monteurs ûnderweis om de steuring op te lossen.

Foto: Rykswettersteat

It is net dúdlik hoe lang oft de steuring duorje sil. It bart wolris faker, meastentiids duorret it wol inkelde oeren foar it systeem wer reparearre wurde kin.

(advertinsje)