It dak fan de Brandaris lekt: tydlik radarbegelieding skipfeart út haven

De radarbegelieding fan de skipfeart op de Waadsee is tydlik fan in skip fan Rykswettersteat ôf yn de haven fan Skylge. De radar op de fjoertoer Brandaris kin nammentlik tydlik net brûkt wurde. Der is in lek ûntsutsen op it dak en dat wurdt op it stuit reparearre.
© ANP
Ferwachte wurdt dat de radar op de Brandaris healwei de middei wer brûkt wurde kin.