Fytser oanriden yn Easterwâlde

05 jul 2012 - 11:32

In 40-jierrige ynwenner fan Easterwâlde is woansdeitemiddei op de Grietmanstrjitte yn syn wenplak ferwûne rekke by in oanriding. Hy kaam in stege útriden op de fyts en stuts de dyk oer. In 35-jierrige ynwenner fan Easterwâlde siet by him achterop de fyts.

In 70-jierrige ynwenner fan Appelskea koe de twa net mear ûntwike en ried se oan. De fytser moast mei de ambulânse nei it sikehûs, de man achterop rekke licht ferwûne.

Trefwurden: 
fytser oanriding
(advertinsje)
(advertinsje)