Gemeente docht oprop om eksoatyske planten op It Amelân troch te jaan

14 aug 2019 - 12:01

Gemeente It Amelân docht in oprop oan bewenners om it foarkommen fan eksoatyske planten op it eilân troch te jaan. Guon eksoaten binne nammentlik skealik foar oare planten of sels wenten en diken. It giet bygelyks oer de reuze readskonk (Japanse duizendknoop) en de wettertekken (watercrassula).

Foto: ANP

De wettertekken is noch net oantroffen op It Amelân, mar is wol bekend op Skylge. De gemeente jout oan dat minsken de reuzebearepoat (reuzenberenklauw) net trochjaan hoege. Wol advisearret de gemeente de plant sûnder it mei de bleate hûd oan te reitsjen fuort te heljen, om foar te kommen dat dizze werom komt.

(advertinsje)
(advertinsje)