Oansleine skipper Brouwer oer brân op skûtsje: "Dit is weardeleas"

Op it skûtsje De Drie Gebroeders fan skipper Harmen Brouwer is woansdeitemoarn brân ûntstien. It skûtsje wie krekt klear mei de wedstriid fan de IFKS yn de C-klasse by Ychten. Op it momint dat it seil nei ûnderen helle waard, waard de brân ûntdutsen. Nei alle gedachten is it fjoer by de motor ûntstien.
Brân op skûtsje De Drie Gebroeders fan Harmen Brouwer by Ychten
De brânwacht waard rap ynskeakele en it fjoer wie mei help fan de bemanning reedlik gau ûnder kontrôle. Ferskate bemanningsleden hawwe reek ynazame. Ien bemanningslid krige gjin lucht en rekke út de tiid. Hy is mei oare bemanningsleden fan De Drie Gebroeders nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.

"Je skrikke je wezeleas"

Skipper Harmen Brouwer fan De Drie Gebroeders is oanslein troch de brân op syn skûtsje. "Panyk is in grut wurd, mar je skrikke je hielendal wezeleas. Ien bemanningslid hat reek ynazeme en krige dêrnei gjin lucht. Doe rekke er út de tiid en foel hy om. Wy hawwe krekt heard dat alles goed mei him giet, mar hy wurdt noch fierder ûndersocht."

Skea oan skûtsje

It skûtsje sels hat aardich wat skea oprûn. Om de brân út te meitsjen waard it skip folpompe mei wetter. Twa fokken fan it skip binne troch de brân ferwoaste.
Harmen Brouwer is oandien troch de brân
"It is in dikke bende binnen", neffens Brouwer. Dochs ferwachtet hy dat se moarn (tongersdei) wer sile kinne. "Wy kinne twa fokken fan Hearrenfean krije. Ik hoopje dat se dat reglemintêr tastean. Wy wolle wol moarn gewoan wer sile. Dan gean wy de hiel nacht mar wer troch, mar wy sile moarn wol!"
Skipper Harmen Brouwer