Mei drank op tsjin de beam

05 jul 2012 - 11:23
Foto: Omrop Fryslân

In 35-jierrige ynwenner fan Twizel is woansdeitejûn mei drank op mei de auto tsjin in beam opriden. Op de Zwartewei by Eastermar rekke de man de macht oer it stjoer kwyt. Hy rekke ferwûne oan syn knibbel en nekke. Yn de auto sieten ek in 23-jierrige en in 15-jierrige ynwenner fan Burgum. Sy rekken licht ferwûne en kamen mei de skrik frij. De Twizeler is nei it sikehûs brocht.

De plysje hat syn rydbewiis ynnaam, syn auto is total loss.

Trefwurden: 
ûngelok drank beam
(advertinsje)
(advertinsje)