Bleat swimmen op De Jouwer populêr, takom winter útwreiding

14 aug 2019 - 10:58

It bleat swimmen yn Swimfun op De Jouwer kriget in ferfolch. De naturistejûnen, dy't it swimbad ferline winter organisearre, binne sa goed besocht dat swimmers ek kommend neijier wer neaken yn it bad springe kinne.

De yngong fan Swimfun. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

It ôfrûne winterseizoen koene minsken op ferskate jûnen ien oere bleat swimme op De Jouwer. Eltse jûn koe it swimbad rekkenje op hûnderten besikers.

Wyldwetterbaan en bûtenbad iepen

Fan oktober ôf sil Swimfun dêrom eltse twa wiken in naturistejûn organisearje, fan oardel oere yn stee fan ien oere. Ek de wyldwetterbaan, it bûtenbad en de hoareka binne dan beskikber foar swimmers.

Trefwurden: 
De Jouwer swimbad neaken
(advertinsje)
(advertinsje)