Kollum: "Mûzemonumint"

"Ast in fûgel bist en do wolst op fakânsje, dan giest nei it súdwesten fan Fryslân. Fûgels hawwe it maklik. Sy kinne der, sûnder CO2 út te stjitten, samar hinne fleane. En dan nei de greidefjilden dêr. Nei plakken dêr't pompen steane, dy't wetter troch hûnderten meters slang spiele. Dêr strike se del.
Eelke Lok © Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
It is dêr tige gesellich. Dêr sitte hiele kobbefamyljes. Roeken, mûzebiters en hoarnsskrobbers binne der ek in soad. Gewoane en wite reagers gean fan de sleatskant nei it midden fan de ekers. Dêr sitte ek al sa'n 20 eibers. Der fljocht ek in soad lytser guod tusken troch. Hoe gesellich as it ek liket, dat is it net. Sy hawwe it nammentlik hielendal net oan tiid om tsjin inoar te tsjirpen. Se binne oan it fretten.
Yn de Súdwesthoeke binne de boeren nammentlik tige gastfrij. Mei dy pompen en lange slangen. De pomp jaget weter troch de slang en de slang spuitet dat troch allerhanne gatsjes oeral oer it lân. Pompen binne al hast nearne mear te krijen, de slangen wurde hiel hastich makke troch bygelyks seilmakkerijen. Guod oan inoar naaid. Dat hâldt wol, en hoopje dat der net tefolle barsten yn komme. Dat falt ta, sizze de boeren.
Dat wetter giet oer de greide en dan de grûn yn. En ja, dan krije de bisten dêr ûnder de grûn in tsunami. Under de grûn sitte benammen mûzen. Der binne in hiel soad fan en dus lizze se ticht by inoar. No dan wit jimme it wol, dêr komme jonge mûzen fan. En dy krije fiif wike letter ek wer jonge mûzen. Der binne yn tsien wike mear mûzen as minsken yn Fryslân.
Mar as de tsunami komt, moat de mûzen besykje omheech te swimmen. Dat slagget net elke mûs. Blub. Der fersûpe in soad. Mar in hiele binde rêdt it al op. En dy swimme dan rjocht yn de bek fan eibers, reagers, kobben, roeken en fansels mûzebiters. De lytsere fûgels pikke wat yn de bonkjes om, dy't de grutte fûgels fuortsmite. Gesellich.
Yn juny spruts ik mei boer Gosse de Vries by Wâldsein. Dy begûn doe op dizze wize te wetterjen. Boeren binne eins benaud foar wetter. In reinbuike om it gêrs te waachsen is poerbêst, mar tsien sentimeter heger yn de sleat is ûnbesprekber. Dus ik frege Gosse hoefolle skea as hy ferwachte fan it op dize wize mûzefrij meitsjen fan it lân. In snee? Hy wist it net. Hy seach wol. Mar it wie de iennige wize om gjin mûzen yn de molke te krijen.
Hy hat it sjoen. Boer Jacob van der Wal oan de oare kant fan Wâldsein sei yn de krante dat de kij echt wol troch sleatswetter wosken gêrs frette. Dat dy molke net minder is. En it lân folle frisser. Hy is hielendal entûsjast. As je him sa hearre, dan bliuwt hy wetter spuitsjen, ek al sit der gjin mûs mear yn 'e grûn. It wetter sakket ommers moai del, want it grûnwetter is nei de tropejierren wat te leech. Fierder rint it wetter de sleat wer yn en dan kin it derút wei wer oppompt wurde en syn mûzedestruktive plicht dwaan.
Wurk mei twa kear rindemint. Myn fersyk oan de boeren is no om alles goed te fertellen. Dy net wer oan de kant lulle litte troch minsken dy't sizze dat wetter ferkeard guod is. Sis it tsjin de eigen organisaasje, de LTO. Sis it tsjin de suveljonges. Sis it benammen tsjin de oerheid, provinsje en foaral tsjin it wetterskip Fryslân. Sizze dat sy mei de klauwen fan de wetterkearders ôfbliuwe moate. Dat it wetter yn it feangreidegebiet bêst tsien sintimeter heger yn de sleatten kin. Undersikers hawwe ommers sein dat dát minimaal nedich is om feangreide te behâlden. Net langer wachtsje op proeven dy't der net binne. Dat dogge we al tsien jier. Aksjespandoek: Wetter is Better.
En de natuerminsken? Dy moatte harren efkes stil hâlde. Sokke lûden moatte inkeld út boeremûlen komme. Oars lizze dy bestjoerders en petearboeren fuort wer dwers. Efkes neat sizze. Lit de boeren mar. Lit de realiteit mar.
En as dy natuerlju al wat dwaan wolle, meitsje sy mar in moai monumint fan in fersûpte mûs. As earbetoan oan wetterboeren."