42.000 hinnen omkaam yn Nijewier: grutte brân by plomfeebedriuw

14 aug 2019 - 10:25

By in grutte, útslaande brân by in plomfeebedriuw yn Nijewier binne 42.000 hinnen omkaam. By it bedriuw oan de Grytmanswei steane trije stâlen mei hinnen, twa dêrfan stiene yn 'e brân en wiene net mear te rêden.

It fjoer begûn yn de middelste stâl. Der wiene gjin minsken yn de stâlen, yn elke stâl sieten wol sa'n 21.000 hinnen. De brânwacht is deryn slagge de tredde stâl te behâlden, mar it hat wol flink brânskea. De brânwacht besiket de fentilaasje wurkjend te hâlden en de hinnen yn dy tredde stâl genôch wetter en iten te jaan.

Der wie in soad reek te sjen, mar neffens de brânwacht is der gjin asbest ferwurke yn de stâlen. De brânwachten fan Damwâld, Dokkum, Burgum en Eanjum wiene op it plak oanwêzich. Der binne ferskate tankautospuiten en in heechwurker ynset. Ek brûkte de brânwacht grutwettertransport.

Neiblusse

De ienheden fan Eanjum en Dokkum blusse de brân noch nei. Der wurdt in kraan brûkt om de wannen del te heljen en de lêste resten fjoer út te krijen.

De hinnen yn de stâlen, sieten der noch mar krekt. It wiene nije hinnen. Hoe't de brân ûntstean koe is op dit stuit noch net dúdlik.

Roetskulfers yn it doarp

De gemeente Noardeast-Fryslân jout fia sosjale media oan dat der roetskulfers yn it doarp Nijewier terjochte kaam binne. De gemeente sil in fei-auto ynsette om de skulfers op de iepenbiere dyk op te romjen, en by bygelyks it skoalplein. Der wurdt advisearre gewaaksen út de tún goed ôf te spielen.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei Ingrid Weert fan Veiligheidsregio Fryslân

Foto: De Vries Media

Wethâlder en lokoboargemaster Theo Berends oer de gefolgen fan de brân

Neffens wethâlder en lokoboargemaster Theo Berends is de famylje slim oandien: "De familie zit al meer dan dertig jaar op deze locatie, nu hebben de twee zonen het overgenomen en dan overkomt je zoiets. Wat natuurlijk ook een drama is dat er sinds begin deze maand net nieuwe jonge kippen waren."

Ynspeksje goed trochkaam

Berends seit mei klam dat de stâlen krekt skjinmakke en neisjoen wiene. De loadsen binne nei in ynspeksje folslein goedkard.

De reek gie oer it doarp Nijewier hinne. "Zoals het nu lijkt is het niet gevaarlijk, maar er wordt nog onderzoek gepleegd", seit Berends.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma is by de brân yn Nijewier

Trefwurden: 
brân Nijewier Grytmanswei
(advertinsje)