Famke mei fyts ûnder de auto

05 jul 2012 - 11:07

In famke fan 9 jier út Broeksterwâld is woansdei mei har fyts ûnder in auto kaam doe't se sûnder út te sjen fan hûs de Pieter Durksstrjitte opried. Doe't se de oprit ôfried waard se oanriden troch in 21-jierrige ynwenner fan De Westereen.

It famke is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs fan Drachten brocht.

Trefwurden: 
ûngelok botsing fyts
(Advertinsje)
(Advertinsje)