Gais Meinsma-Greydanus (92) ferstoarn

14 aug 2019 - 06:43

Jorwerter Gais Meinsma-Greydanus (92) is tiisdei ferstoarn. Se wie al in skoft slim siik. Frou Meinsma-Greydanus wie ien fan de haadpersoanen yn it ferneamde boek Hoe God verdween uit Jorwerd fan Geert Mak. Har bysûndere libbensferhaal is letter optekene troch skriuwer Dick Witte yn in boek mei de titel Gais.

Gais Meinsma-Greydanus yn 2015 - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Gais Meinsma wie in bekende persoan yn Jorwert en omkriten. Sy hat mear as fjirtich jier bestjoerslid west fan it iepenloftspul fan Jorwert. Dêrneist hat se foar de FNP yn de gemeenteried fan de eardere gemeente Baarderadiel sitten. Gais Meinsma is 92 jier wurden.

Dokumintêre út desimber 2014 oer Gais Meinsma-Greydanus yn Buro de Vries

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)