Frou mei glês mishannele

In 59-jierrige ynwenster fan Ljouwert is woansdeitejûn mishannele op in terras op de Twabaksmerk. De frou siet in boek te lêzen, doe't se sûnder oanlieding in skop krige fan in ûnbekende frou. Dy smiet de ynhâld fan in glês drinken oer har holle en sloech doe it lege glês tsjin har holle stikken. Dêrtroch rûn se ferwûnings op.
De plysje hat de fertochte, in 46-jierrige frou út Ljouwert, oppakt.