FIDEO: de IFKS-wedstriid dy't tiisdei op 'e Sleattemer Mar stillein waard

14 aug 2019 - 06:28

De IFKS-wedstriid yn de Grutte A-klasse op de Sleattemer Mar gie tiisdei net troch. De skûtsjes begûnen om likernôch 14.30 oere noch wol oan de race, mar dy waard al gau stillein. Reden wie dat de baan dy't de skûtsjes sile moasten net goed yn it wetter lei. Boppedat briek de wyn de skûtsjes soer op.

(advertinsje)
(advertinsje)