Fenna Kalma pleatst har mei FC Twente foar de Champions League

13 aug 2019 - 22:07

De fuotbalsters fan FC Twente, mei Fenna Kalma fan Haskerhoarne, binne deryn slagge om it haadtoernoai fan de Champions League te berikken. De fuotbalsters wûnen tiisdeitejûn mei 2-0 fan it Poalske CKS Görnik Leczna.

Foto: Orange Pictures

Op Sportpark Scheurserve skoarde Kalma ien kear foar de Twentenaren. Foarige wike wûnen se al fan it Armeenske FC Alashkert (8-0) en spilen lyk tsjin it Turkske Besiktas (2-2).

De froulju fan FC Twente pleatse har foar de sechsde kear foar de haadfaze fan de Champions League. De earste kear wie yn it seizoen 2011/2012. De wedstriden binne op 11/12 en 25/26 septimber.

(advertinsje)
(advertinsje)