Frou rekket út de tiid nei fal fan skûtsje yn Sleat

13 aug 2019 - 21:38

Yn Sleat is tiisdeitejûn in frou útglide en fan in skûtsje fallen. Se kaam dêrby tusken twa skippen telâne en rekke út de tiid. In traumahelikopter en ferskate ambulânses waarden oproppen om de frou te helpen.

Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop

De frou foel fan it skûtsje fan skipper Gerrit Huisman. Doe't omstanners har út it wetter hellen, wie se noch by bewustwêzen, mar al gau dêrnei sakke se fuort en rekke se út 'e tiid.

De frou waard ûndersocht troch it ambulânsepersoniel en is dêrnei meinaam nei it sikehûs. De oproppen traumahelikopter hoegde der net oan te pas te kommen, dy fleach fierder foar in oare melding.

Trefwurden: 
ûngelok sleat skûtsje fal
(advertinsje)
(advertinsje)