Ferbeane konserten yn Tox Bar op Skiermûntseach gean dochs troch

13 aug 2019 - 21:18

De optredens fan The Rolling Beat Machine op Skiermûnseach by de Tox Bar geane gewoan troch. De band soe tongersdei- en freedtejûn bûten optrede, mar de rjochter ferbea dat yn in 'foarriedige foarsjenning'. It konsert is no lykwols ferpleatst nei de diskoteek fan de Tox Bar en giet dochs wol troch.

Foto: Google Street View

Eigner Remmelt Mulder fan Tox Bar

Omwenners hiene beswier makke tsjin de fergunning dy't de gemeente ferliend hie oan de Tox Bar, omdat se benaud wiene foar lûdoerlêst. De rjochter joech harren gelyk en bepaalde dat de konserten net yn de bûtenloft holden wurde meie.

De organisaasje hat no besletten it konsert binnen te hâlden. Eigener Remmelt Mulder is teloarsteld oer de útspraak. "Kijk, livemuziek kan nooit uit. Er moet altijd geld bij. Dat doe je ter vermaak van het publiek, dus eigenlijk is het publiek de grote verliezer. Gelukkig beschikken we over een dansvloer in de discotheek, dus we gaan het feestje gewoon doorzetten. Ik denk dat ik de enige ondernemer op Schiermonnikoog ben die het niet vervelend vindt dat het slecht weer wordt."

In lûdsprekker - Foto: Shutterstock.com

Earder hie de gemeente ûntheffing fan de lûdsnoarmen jûn oan de Tox Bar, dêr't The Rolling Beat Machine spylje soe. De rjochter fynt lykwols dat de gemeente by it ferlienen fan de ûntheffing gjin rekken holden hat mei faktoaren, lykas hoe lûd oft de muzyk wêze kin en wêr't de meast neiste 'lûdsgefoelige' wenning is.

"De gemeente heeft in de rechtszaal het belang van de eilander horeca en van de Tox Bar in het bijzonder benadrukt, maar als je naar de formaliteit kijkt en de vorm van de vergunning, dan is er geen juridisch kader waar wij ons aan zouden kunnen houden om het toch door te kunnen laten gaan."

Oft dizze útspraak ek gefolch hawwe sil foar de oare iepenlofteveneminten op it eilân wit Mulder net.

(advertinsje)
(advertinsje)