Cambuur test ferdigener Bakens

05 jul 2012 - 10:54

Tim Bakens traint de kommende wike op proef mei by Sportklup Cambuur. De ferdigener spile de ôfrûne twa jier by it Switserske Sankt Gallen. Cambuur is noch op syk nei ien oant twa sintrale ferdigeners. Ek de Deen Anders Nielsen rint op dit stuit staazje by de Ljouwerters.

Bakens begûn syn karriêre yn de earedivyzje by De Graafschap. Dêrnei spile hy ek mei RKC, Volendam en Sparta op it heechste nivo.

(advertinsje)