Wedstriid tusken Jong Vitesse en Jong Hearrenfean staakt

13 aug 2019 - 19:51

De fuotballers fan Jong Hearrenfean binne tiisdei foar neat nei Arnhem riden. De fuobalwedstriid tusken Jong Vitesse en Jong Hearrenfean waard nammentlik staakt. Nei sân minuten spyljen hong der ynienen in swiere tongerbui boppe it stadion.

Vitesse - sc Heerenveen - Foto: Omrop Fryslân

Omdat it minne waar net fuort luts, besleat skiedsrjochter Joey Kooij in healoere letter de wedstriid definityf te staken. Dit is neffens de regels fan de KNVB.

De stân wie noch 0-0 doe't de wedstriid stillein waard. It is net dúdlik wannear't de wedstriid ynhelle wurde sil. De sinne skynde lykwols wer doe't de bus by it stadion fuort ried.

(advertinsje)