F-16 komt hast yn botsing mei helikopter boppe de Noardsee

13 aug 2019 - 19:32

De Onderzoeksraad voor Veiligheid docht ûndersyk nei in ynsidint boppe de Noardsee mei in F-16 straaljager en in helikopter. De helikopter wie op 27 juny ûnderweis nei Den Helder Airport, doe't dy útwike moast foar de strieljager.

In F16 - Foto: Shutterstock.com

Der wiene fyftjin minsken oan board fan de helikopter. De helikopter lâne úteinlik sûnder problemen op it fleanfjild fan Den Helder.

It is net dúdlik oft de F-16 ôfkomstich wie fan de fleanbasis fan Ljouwert. Der waard op dy dei wol yntinsyf oefene op de Ljouwerter fleanbasis.

De Onderzoeksraad voor Veiligheid meldt op har site dat der ûndersyk dien wurdt nei it ynsidint.

(advertinsje)