Ljouwerter bedriuw bestriidt plestik ôffal op festivals mei recyclebere bekers

13 aug 2019 - 19:14

Gjin fuortsmytbekers mear, mar hurde plestik bekers dy't alle kearen opnij brûkt wurde kinne. Sjochst it hieltyd mear op festivals en oare eveneminten. En ien fan de bedriuwen dêrachter is Cupking yn Ljouwert. Trije jier lyn sette it projekt útein en it giet hurd: "We hebben nog niet eens tijd gehad om een doel vast te stellen", seit oprjochter Paul van Berlo.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Paul van Berlo

Van Berlo is ek organisator fan it Ljouwerter metalfestival Into the Grave en dêr ûntstie it idee foar Cupking ek. "Ik ergerde me aan de enorme bult afval die na het festival bleef liggen op het Oldehoofsterkerkhof. Dat was al een paar jaar zo. Drie jaar geleden dacht ik: nu is het genoeg geweest."

Hy hat no in grut bedriuw dat de bekerkes recyclet. Besikers keapje in beker en as se in nij drankje wolle, leverje se de beker yn en krije se in skjinnen. Dat konsept of in soartgelyk idee wurdt no op in protte festivals brûkt. "Naast Into the Grave hebben we nog vijf of zes festivals waar we bier verkopen en bekers nodig hebben. Toen we daarmee begonnen, kregen we vragen van andere evenementen of ze onze bekers konden huren. Zo is dat bedrijf ontstaan."

Mear as hûndert eveneminten

Yn totaal foarsjocht Cupking dit jier mear as hûndert eveneminten fan bekers. "Daar komen iedere week weer nieuwe bij, het gaat als een malle." Dat komt neffens Van Berlo trochdat minsken hieltyd bewuster binne fan de 'plestik sop'. "Ze realiseren zich dat het niet normaal is dat je een beker één keer gebruikt en dan op de grond gooit. De plastic bekertjes hebben hun langste tijd gehad, vermoed ik."

As de besikers fan de eveneminten har beker no ynleverje, wurde se ôfwasken en kinne se dêrnei opnij brûkt wurde. "Het wordt steeds normaler gevonden en dus gebruiken steeds meer evenementen dit soort bekers."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Trije jier lyn begûn Van Berlo mei it konsept en dêrnei is it hurd gong. "Het is ons een beetje overkomen. We zijn nu denk ik marktleider in Nederland." Yn totaal brûke se sa'n tsien miljoen bekers.

"Maar we hebben al eens uitgerekend dat de 900 grootste festivals in totaal 270 miljoen bekers gebruiken per jaar. Dus er is nog een heel nieuwe markt te ontdekken." Se ha noch net iens tiid hân om in doel fêst te stellen: "Misschien moeten we maar eens een avond met z'n allen overleggen."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma helpt sels mei de bekerkes

It ôfrûne wykein wie Van Berlo wer op Into the Grave, mar dêr hat er gewoan fan de muzyk genietsje kind. "Ik heb bijna niets met de bekers gedaan. We hebben hier mensen die zorgen dat het goedkomt. En omdat het festival in Leeuwarden was, konden we schone bekers brengen en de vieze direct weer meenemen."

(advertinsje)
(advertinsje)