Frysktalige nijswebside It Nijs fiert tsienjierrich jubileum

13 aug 2019 - 18:46

De Frysktalige webside It Nijs bestiet tsien jier. De webside waard yn 2009 opsetten as eksperimint. Doel fan It Nijs is it bringen fan Frysktalich nijs út de hiele wrâld.

Foto: Omrop Fryslânm, Jeroen Boersma

Ien fan de inisjatyfnimmers fan It Nijs is Jabik van der Bij, âld foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging. "Wy fûnen dat der doe in lakune wie wat it Frysk lêzen en skriuwen oanbelange. Frysk en Frij (fersetsblêd dat nei de Twadde Wrâldoarloch fuortsetten waard, red.) bestie net mear. De minsken hiene nei ús betinken te min mooglikheden om it nijs ek yn it Frysk te lêzen", leit er út.

Eksperimint

It begûn allegear as eksperimint. "We woene earst sjen hoefolle lêzers we krije soene, oft it oansloech en oft we genôch frijwilligers fine koene. It earste jier is dat wol aardich slagge en we hiene wol aardich flecht op 'e koai. Dêrom binne we dermei trochgien."

Legaat

De organisaasje ûntfong in grut legaat fan goed 600.000 euro. "We hawwe doe wol sein dat we de opbringsten fan dat jild brûke woene foar ús aktiviteiten. Ien fan dy aktiviteiten wie fansels it nijs. Yn de rin fan de jierren is de opbringst minder wurden, dus we moatte suniger oan."

Jabik van der Bij oer it jubileum

Neffens Van der Bij kin It Nijs wol mear frijwilligers brûke, mar dy binne net sa maklik te finen. "Der behearsking fan it skriftlik Frysk is yn de rin fan jierren tebekrûn. Wêr't wy in protte gebrûk fan meitsje, binne minsken dy't twatalich ûnderwiis hân hawwe yn de jierren 90."

"Dy minsken hiene trije jier lang Frysk hân op skoalle. Dan doarsten se ek Frysk te skriuwen as se fan skoalle ôf wiene. Dy groep stjert stadichoan út en it nije ûnderwiis leveret te min op oan Fryske skriuwers."

Ynternasjonaal nijs

It Nijs bringt ynternasjonaal nijs yn it Frysk, dus net allinnich mar nijs út Fryslân. "De gedachte dêrachter wie: as it yn it Hollânsk skreaun wurde kin, dan kin it ek yn it Frysk. Wy woene dat wat breder lûke, benammen as it giet om minderheidstaalgebieten dêr't altyd nijsgjirrich nijs wei komt."

"Je moatte lykwols oppasse dat je net nijs bringe dat je oeral al heard hawwe. Dan hat it net in soad doel om it noch yn it Frysk te skriuwen. It is altyd it sykjen nei saken dy't krekt wat bûten it nijs falle."

Noch tsien jier?

Van der Bij hopet dat It Nijs noch lang fuortbestean sil en dat de meiwurkers mei in soad entûsjasme skriuwen bliuwe. "Ik hoopje dat de lêzersrûnte ek ferbrede wurdt." Minsken dy't it wol wat liket om foar It Nijs te skriuwen, hoege neffens Van der Bij net benaud te wêzen om flaters te meitsjen. "Der is in korrektor dy't hiel presys neigiet oft de stavering goed is, dus dêr hoege se gjin noed oer te hawwen."

(advertinsje)