Man bedriget famke mei hammer

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Twa Ljouwerters fan 42 en 44 jier wurde der fan fertocht dat se in 18-jierrige frou mei in hammer bedrige hawwe. Dat wie woansdeitejûn yn de Euterpestrjitte yn Ljouwert. it slachtoffer wie mei har freon en in tsjûge yn de Telemannstrjitte, se hiene problemen mei de auto.
By it triuwen fan de auto makken de fertochten opmerkings, wêrnei't in wurdewikseling ûntstie. Ien fan de fertochten helle in hammer en bedrige de frou. Sy belle de plysje en dy koe beide fertochten oanhâlde. Se binne foar neier ûndersyk ynsletten op it buro.