FIDEO: Bylden fanôf it skûtsje Singelier dat omslacht

13 aug 2019 - 18:12

Net allinnich de Grutte A-klasse hie it tiisdei dreech op de Sleattemer Mar, it skûtsje Singelier fan Koos Lamme siet yn de B-klasse ek yn de problemen. It skûtsje sloech op in gegeven momint sels om. Dizze bylden binne makke op it skûtsje.

De bylden fan 'Team Lamme' binne opnaam mei in GoPro. "Die gebruiken we om de wedstrijd na afloop te evalueren", seit Lamme.

Nei in skoft waard it skûtsje wer omheech helle, mar de skrik sit der goed yn, fertelt de skipper. Dochs sille se woansdei gewoan wer meidwaan.

(advertinsje)