Feanwâldster Jan Fennema docht mei oan World Transplant Games

13 aug 2019 - 17:45

Hurdfytser Jan Fennema fan Feanwâlden sil Nederlân fertsjintwurdigje by de World Transplant Games yn Newcastle, in ynternasjonale sportwedstriid foar minsken dy't in orgaantransplantaasje hân hawwe. Fennema, dy't op jonge leeftiid in donorlever krige, hat de ôfrûne tiid in soad traind en is nei eigen sizzen "sterker as ea".

Foto: Omrop Fryslân

Jan Fennema oer syn dielname oan de World Transplant Games

Oan de wedstriden yn Newcastle, Ingelân dogge likernôch 1.600 sporters mei út mear as 60 lannen. Allegearre hawwe se in transplantaasje hân. Foar de acht Nederlânske hurdfytsers stiet in teamtiidrit, in yndividuele tiidrit en in wedstriid op 'e dyk op it programma.

In donorlever rêde it libben fan Jan Fennema, doe't er in beuker wie. Hy is in grutte fytsfanaat, dy't op ferskate fronten omtinken jout oan it belang fan donoaren. Yn 2018 fertsjintwurdige hy Nederlân by de European Transplant Games op Sardynje en kaam er mei in sulveren en in gouden medalje werom.

Bêste fan de wrâld

Fennema hat grutte ambysjes foar de World Transplant Gammes. "Ik dream der eins fan om de bêste transplantearre hurdfytser fan de wrâld te wurden", seit er. "In better tarieding ha ik net draaie kind. Boppedat stean ik no sterker oan 'e start, ha ik mear ûnderfining en wit ik in bytsje wat ik ferwachtsje kin."

(advertinsje)