Kilometers file op A7 tusken It Hearrenfean en De Tynje nei oanriding

Op de A7 tusken It Hearrenfean en de ôfrit De Tynje stiet yn noardlike rjochting kilometers file. Oanlieding is in botsing mei acht auto's.
© Raymon Roersma / ProNews
Wêrtroch't de auto's mei elkoar yn oanriding kamen is net dúdlik. Der is gjinien ferwûne rekke.
It ferkear kin der noch wol del, mar ien rydstripe is ticht. Ek de ôfrit nei De Tynje is ticht.