Frou ferwûne nei stekynsidint Snits, plysje hâldt man oan op A7

13 aug 2019 - 16:37

In frou is tiisdei ferwûne rekke yn Snits nei in stekynsidint. In man hie har stutsen op de Oude Oppenhuizerweg yn de stêd. Hy is koart dêrnei oanholden op de A7. De fertochte is in bekende fan it slachtoffer.

Foto: Kappers Media

De ferwûne frou is oansprekber en is oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.

De plysje wie in syktocht start nei de man. Koart dêrnei waard syn auto al ridend op de A7 oantroffen. Dêr is de man oanholden.

Trefwurden: 
Snits stekynsidint
(advertinsje)