Gjin silerij by Sleat: wedstriid Grutte A-klasse IFKS giet definityf net troch

De IFKS-wedstriid yn de Grutte A-klasse op de Sleattemer Mar giet tiisdei net troch.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
De skûtsjes begûnen om likernôch 14.30 oere noch wol oan de race, mar dy waard al gau stillein. Reden wie dat de baan dy't de skûtsjes sile moasten net goed yn it wetter lei. Wedstriidlieder Saskia Westerhof: "We hebben 'm afgeblazen. En dat is maar goed ook, want er waren flinke windstoten van wel 40 knopen."
Dêrnei kaam der ek in dikke bui. Nei dat reinwetter soe der in nije startproseduere komme, mar der wie doe hast gjin wyn mear. Letter kaam der noch wol wyn, mar dy wie net stabyl genôch. "De wind komt niet van één richting, dus een fatsoenlijke baan erin leggen lukt ook niet. We hebben het geprobeerd, maar dat gaat niet. En er komt nu ook flink weer onweer aan. Veiligheid heb ik hoog in het vaandel staan, dus ik heb iedereen naar de kant gestuurd."

Ynhelje?

It is noch net dúdlik oft de wedstriid ynhelle wurdt. Gewoanwei wurdt de woansdei brûkt foar ynhelwedstriden, mar dan wurdt de wedstriid fan sneon al ynhelle. De IFKS sil noch wol besjen oft der in mooglikheid om de wedstriid fan tiisdei dochs yn te heljen.
Wedstriidlieder Saskia Westerhof fan de IFKS