Twadde ambulânseboat yn Snits

05 jul 2012 - 10:22

It Antoniussikehûs yn Snits nimt freed in twadde ambulânseboat yn gebrûk. Sûnt fjouwer jier hat it sikehûs in ambulânseboat, dy't foaral ynset wurdt by eveneminten. Yntusken is der in apart lisplak foar de ambulânseboat en is de boat opnaam yn de gewoane ambulânsekapasiteit. Dat betsjut dat dy troch de meldkeamer nei ynsidinten op it wetter stjoerd wurde kin.

De nije boat is fan in moderner type en is mear geskikt om te farren yn swier waar.

Trefwurden: 
ambulânseboat
(advertinsje)