Trije út trije foar Tjoelker mei Sterke Jerke yn B-klasse IFKS

13 aug 2019 - 15:36

Skipper Pieter-Jilles Tjoelker fan de Sterke Jerke bliuwt soeverein yn de B-klasse fan de IFKS. Nei trije wedstriden steane se op trije oerwinningen, want ek op de Sleattemer Mar wiene se de rapsten. Yn de Lytse A gie de oerwinning nei Andries Brouwer (De Reuzen) en yn de C-klasse nei Harmen Brouwer (Drie Gebroeders).

De Sterke Jerke - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De A-lyts begûn mei in kertierke útstel. Doe't de skûtsjes fuort wiene, lei Andries Brouwer mei De Reuzen al gau op kop. Dy posysje hold er fêst. It is syn twadde oerwinning dit kampioenskip, want snein op De Fluezen wie er ek al it rapst.

De Avontuur fan skipper Age Bandstra waard tiisdei twadde. Moandei wiene se noch de winner. It tredde plak wie tiisdei foar Martijn Kleintjens fan Tiid sil 't leare.

Lytse A Sleattemear Mar

1 Andries Brouwer De Reuzen
2 Age Bandstra Avontuur
3 Martijn Kleintjens Tiid sil 't leare
4 Pieter Jansma Twa Famkes
5 Harm van der Weiden Eemlander
6 Sikke Tichelaar Stad Harlingen
7 Tsjibbe van der Veer Welvaart
8 Henk Frankena It Abbegeaster Skûtsje
9 Sander Meeter Vriendschap
10 Geale Postma Lytse Earnewâldster
11 Chris van den Berg Hoop op Zegen
12 Brandt de Vries Swanneblom
13 Hans Brakkee Doeke van Martena
14 Jochem van der Vaart Nooit Volmaakt
15 Johannes de Vries Friesland
16 Herke Boskma Lytse Famke
17 Bernd de Cneudt Lutgerdina Smeltekop

Klassemint Lytse A nei tiisdei

1 Andries Brouwer 3,8
2 Pieter Jansma 12,0
3 Martijn Kleintjens 15,0
4 Henk Frankena 16,0
5 Tsjibbe van der Veer 17,0
6 Age Bandstra 21,9
7 Sikke Tichelaar 26,0
8 Harm van der Weiden 27,0
9 Brandt de Vries 30,0
10 Geale Postma 37,0
11 Sander Meeter 41,0
12 Herke Boskma 44,0
13 Chris van den Berg 44,0
14 Hans Brakkee 44,0
15 Johannes de Vries 45,0
16 Jochem van der Vaart 49,0
17 Koos van Drunen 54,0
18 Berndt de Cneudt 55,0

Tjoelker soeverein yn B-klasse

Yn de B-klasse is Pieter-Jilles Tjoelker mei de Sterke Jerke noch soeverein. Nei't er de sterkste wie op De Fluezen en de Hegemer Mar, pakte er tiisdei by Sleat ek de oerwinning. Ienfâldich wie it net. Sijmen Kalsbeek lei mei de Raerder Roek lang op kop en waard pas yn de slotfaze foarbysyld troch Tjoelker en syn bemanning.

Kalsbeek moast it dêrom op 'e nij dwaan mei in twadde plak. It lêste poadiumplakje wie foar Ora et Labora fan Sietse Broersma, dy't no foar de tredde dei op rige yn de top-trije einige is.

De Singelier - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Skipper Koos Lamme fan de Singelier hie problemen op de Sleattemer Mar. Dy wie omslein. Nei in skoft waard de Singelier wer oerein helle. De finish helle er net mear.

B-klasse Sleattemear Mar

1 Pieter-Jilles Tjoelker Sterke Jerke
2 Sijmen Kalsbeek Raerder Roek
3 Sietse Broersma Ora et Labora
4 Daan van der Meer Westenwind
5 Erik Jonker Jonge Rein
6 Hartman Witteveen Freonskip
7 Wietse Bandstra Redbad
8 Jan Overwijk Twee Gebroeders
9 Jeroen Sijtsma De Brijbek
10 Thomas de Boer De Drie Haringen
11 Remy de Boer De Eenvoud
12 Rein Wiebe Leenstra Dageraad
13 Bas Krom Verwisseling
14 Simon van der Lingen Galamadammen
15 Koos Lamme Singelier

Klassemint B-klasse nei tiisdei

1 Pieter-Jilles Tjoelker 2,7
2 Sietse Broersma 8,0
3 Sijmen Kalsbeek 13,0
4 Hartman Witteveen 18,0
5 Daan van der Meer 18,0
6 Wietse Bandstra 18,0
7 Rein Wiebe Leenstra 25,0
8 Bas Kron 26,0
9 Thomas de Boer 26,0
10 Erik Jonker 27,0
11 Jeroen Sijtsma 28,0
12 Jan Overwijk 32,0
13 Remy de Boer 38,0
14 Simon van der Lingen 40,0
15 Koos Lamme 42,0

Drie Gebroeders wint yn C-klasse

Harmen Brouwer kaam mei syn Drie Gebroeders yn de C-klasse as earste oer de streek. Hy ferbetteret him elke dei in bytsje: nei in tredde plak op De Fluezen snein waard er moandei op de Hegemer Mar al twadde. Tiisdei by Sleat lei Brouwer al gau op kop en dy kopposysje er net mear ôf.

Henk Regts giet noch wol oan de lieding yn it klassemint. Mei de Grutte Pier wûn er de earste twa wedstriden. Tiisdei waard er twadde.

Tim Roosgerius waard tiisdei tredde, nei twa sechsde plakken.

C-klasse Sleattemear Mar

1 Harmen Brouwer Drie Gebroeders
2 Henk Regts Grutte Pier
3 Tim Roosgeurius Wâldwiif
4 Mark de Koe Hoop op Zegen
5 Paul Wassink Lege Wâlden
6 Steven Zijsling Striidber
7 Cees Riezebos De Tajefte
8 Jan van der Veen Sinnekening
9 Kees van der Kooij Ebenhaëzer
10 Jitske Visser Lytse Griene
11 Alisa Stekelenburg Gerrit Ynze
12 Jelle Bekkema De Verandering
13 Gerrit de Vries Gerrit de Vries
14 Bouke van der Vaart Goede Verwachting
15 Floris Bottema De Harmonie

Klassemint C-klasse nei tiisdei

1 Henk Regts 3,8
2 Harmen Brouwer 5,9
3 Steven Zijsling 12,0
4 Paul Wassink 12,0
5 Mark de Koe 14,0
6 Tim Roosgeurius 15,0
7 Jelle Bekkema 27,0
8 Gerrit de Vries 30,0
9 Cees Riezebos 31,0
10 Jan van der Veen 33,0
11 Floris Bottema 37,0
12 Alisa Stekelenburg 38,0
13 Kees van der Kooij 39,0
14 Jitske Visser 41,0
15 Bouke van der Vaart 42,0
(advertinsje)
(advertinsje)