Gjin ynsamling grienôffal op Skylge fanwege defekte wein

13 aug 2019 - 15:02

Minsken op Skylge dy't harren grienôffalkontener tiisdei by de dyk setten hiene, seagen wierskynlik ferheard op doe't se de bak wer ophelje woene. De kontener wie nammentlik net lege. Neffens ôffalferwurkingsbedriuw Omrin kaam dat troch in defekte ynsammelwein. De rûte sil sneon 17 augustus ynhelle wurde.

Offalwein - Foto: Omrin
Trefwurden: 
Skylge Omrin ôffal grienôffal
(advertinsje)